De Santema Oosterhoff Partij.

Yn Littens trillet de loft fan it keatsen. Yn ‘e keatshistoarje hat it doarp gauris mei foarbêst opslein. Gouden Freule klokjes, PC koaningen, Jong Nederland winners. Froulju wûnen de Bondspartij en hiene súkses op ‘e dames-PC. Littensers wûnen in lytse sechstich prizen op Freule, PC en de ferskillende Bondspartijen.

Tusken 1950 en 1970 wie Littens in keatsersdoarp by útstek. In doarp yn it sintrum fan de keatshoeke, dêr’t it libben tusken april en oktober foar in part troch it keatsen bepaald waard. De loft trille dêr doe yndied fan it keatsen.

By it keatsen hearre nammen. Nammen ferbûn mei Littens en Onder Ons.  Van der Veer, van Buren, Brink, Westerhuis, Santema, Heeg, Oostra, Timmerman, Broersma, Toering, Zijlstra, Rodenhuis, Bouma, Piersma en der wie fansels postkantoarhâlder Sippy Oosterhoff, de keatsprofessor.

In Littenser topper wie sûndermis Tinus Santema (1940-2013). Hy wie de  jongeskeatser, dy’t fiif kear in priis op ‘e Freule wûn. Letter wie er as earste klasser ien fan de bêsten út syn tiid. Hy waard yn 1961 ta koaning op ‘e PC útroppen en ek yn 1963 en 1965 hearde hy by de priiswinners. Tinus, eins hjitte er Martinus, wie yn dy tiid de Abe Lenstra, foar de Littenser keatsjongerein. No soe men sizze, hy wie in Ronaldo en in Messi tagelyk. Handich, technysk en taktysk in grut talint mei in winnersynstinkt. In foarbyld om jin oan te spegeljen en oan op te lûken. Tinus is fia syn stúdzje Grinzer en wittenskipper wurden. Mar hy hold de leafde foar syn bertedoarp en de sport, dy’t dêr yn syn tiid sa’n wichtige rol spile en dêr’t hy grutte triomfen yn behelle.

Ien fan de motors, eins mei men wol sizze dé motor achter in grut part fan de Littenser keatssúksessen wie Sippy Oosterhoff. Fan 1947-1969 wie er postkantoarhâlder op ‘e hoeke oan it plein, skeef tsjinoer de herberch. Oosterhoff (1913-1994) wie in sportleafhawwer pur sang. Hy sette him yn foar it fuotbaljen (VVO), de gymnastyk (Longa) en fansels it keatsen (Onder Ons). Sippy wie as sadanich ús keatsprofessor. Hy wie yn ‘e jierren fyftich en sechtich de man fan it kompetysje keatsen. De list en de standen fan de kompetysje kamen steefêst by de kastelein foar it rút. Tiisdei en tongersdei wiene de fêste dagen. Nei skoaltiid perkenlizze en nei it jûnsiten gong it los. In keatsûnderwizer dy’t de jeugd praktysk en mei ferhalen it keatsen learde. Oosterhoff ûntwikkele. Hy koe keatsers better meitsje. Geregeld kaam syn holle foar it kantoarfinster omheech of stie er op in liddich eagenblik yn ‘e kantoarsdoar. Dan joech er oanwizingen oan de keatsers op it plein. Keatse mei de sachte bal. “Net op ‘e stuit wachtsje, bliksem.  Dat kin op it lân ek net”, raasde er gauris. Boppeslaan wie ferbean. Dat mocht allinne at it net oars koe. Mar rôljend troch de hoeke de boppeline foarby wie eins better as oer alles hinne. Keatsen-lizze wie it kredo yn it noch napleaze tiidrek.

Sippy wie in Jan en Joeri Mulder tagelyk. In analist, in coach, in trener.

Hy easke it uterste, in trije dûbele focus. Sippy wie in man mei in keatsferstân, mei fyzje en betiden in hiel koart lontsje. In felle man. Read en blau. In aaisiker en in modderwrotter op ‘e bou.

Analist wie er benammen ek as ferslachjower fan de keatserijen foar de Ljouwerter Krante, It Vrije Volk en De Frjentsjerter Krante.

Op ‘e fyts op reis nei in keatspartij stie him de mûle noait stil. Partijen fan doe en no passearden de revue. Monologen fan tweintich menuten. It wiene keatskollums en tagelyk lessen yn taktyk.

Tinus Santema woe Sippy Oosterhoff earje mei dizze partij en de keatsferieniging Onder Ons tagelyk Tinus Santema. Sadwaande dizze Oosterhoff-Santema partij. As oantinken oan de ynspiraasje fan twa Littenser keatsfenomenen út de foarige ieu.

r.j.t.